{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

woensdag 23 april 2014

Pompebled fan 'e moanne

Pompeblêd fan 'e moanne


It idee wie om dit jier eltse moanne wat mei in pompeblêd te dwaan. No is 't al ein april en der wie noch gjin pompebledjse makke. No wie der al in idee dat al wat oan it sudderjen wie en it is fier: ik kin it sjen litte.

Ik ha in ienfâldich lapke om in sjempot haakt mei skeane banen. 
Ik hie 50 lossen en dêr op *yn 'e earste 9 stekken 9 stokjes, 1 losse en ien stek oerslaan (dat wurdt dan in iepening)*. De folgjende toer liet ik de iepening 2 stekken ferspringe:


Ik haakte ek wat pompebledsjes, 5 wite en 2 reade:


Op alle skeane banen haw ik ien bledsje fêst setten, de twa readen bongelje oan 'e bopperâne:














No kin der in waksineljochtsje yn! 



Ik fyn it sels wol goed slagge, dit Frsyke ljochtsje! 
Dit kin fansels ek mei hartsjes of soksawathinne. Ien mei wâljende linen en fiskjes derop, dat liket my ek moai. Of wat mei letters. Noch allegear ideeën!

Groetnis fan It Nifelwyfke

dinsdag 15 april 2014

Merke

Merke


It is heech tiid dat it Nifelwyfke wer wat skriuwt op har bloch. It bliuwt lang stil hjir. Te drok mei De Breimeisjes, tink. 

Ofrûne wykein wie It Nifelwyfke op stap mei har man (de dieltydskriuwer). 
Samar tegearre nei Skoklân. Soan woe net mei, dat komt fansels troch syn leeftyd, hy is fjirtjin.
Yn Skoklân wie een Skandinavyske merke en it is sa dat wy fan doel binne dizze simmer nei Noarwegen te gean op fakânsje. 

Wy moasten in hiel ein rinne:

Dat is in lange rigele auto's dêr by de dyk...
Mar wat wie it prachtich waar! En wat is it moai, Skoklân!





De merke wie oantreklik, fan alles te sjen, we ha hearlike broadsjes iten mei rikke salm en we hawwe no noch mear nocht oan in fakânsje yn Noarwegen!


Noch wat opmerkliks: Ik stie by in kream te sjen mei allegear guod om it yn 'e hús gesellich te meitsjen. Der stie in grutte faas mei dêr yn in takke. Net in moaie takke, eins gewoan in deade takke. Der stie noch in frou te sjen en se frege "Dy takke is seker net te keap?" "Jawol, hear", sei de jonge frou fan de kream. "Wat moat er kostje?" wie de folgjende fraach. "Fiif euro". "Ja, ik nim 'm!" 
De jonge frou sil wol spyt ha dat se net mear sokke deade takken meinaam hat! En de man fan dy frou fierder mar mei dy takke omtôgje op 'e merke....


Groetnis fan It Nifelwyfke!

maandag 14 april 2014

Skriuw mar Frysk

Skriuw mar Frysk


Oerdei lústerje ik faaks nei Omrop Fryslân en hjoed giet it oer it Frysk Diktee. En it giet oer "Skriuw mar Frysk". Tongersdei is it Fryske twitterdei, mar ik twitterje net....
Op dizze bloch besykje ik Frysk te skriuwen. Ik wol in pear kear yn 'e moanne wat skriuwe, mar der moat wol ynspiraasje wêze...
Ik seach wol dat der minksen binne dy't it yn 'e gaten hâlde oft It Nifelwyfke nijs hat. No, moarn is it sa fier: dan is der wer in nije bloch!

Wolle jimme ek Frysk skriuwe? Ik ha in soad oan Praat mar Frysk! En dat is ek te finen op facebook, sjoch hjir

En dan dit noch: Alle filmkes fan de Skriuw mar Frysk-kursus Frysk op social media mei professor Henk, kinst se hjir fine!






Oan't moarn!

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)