zaterdag 1 maart 2014

Frysk haakwurk

Frysk haakwurk


It wie wylst ik oan it pronkriden wie, dat ik it betocht. Bij it pronkriden moatte je "hingje", skeef hingje, en dat doar ik net. Ik doch ferskriklik myn bêst, mar it sit tusken myn earen, tink ik. Ik tink miskien wol te folle! Ynienen betocht ik ek hoe't ik in Frysk gelokspopke hake koe. En ik makke dit popke:


Myn Mem hat har krigen, mei in pompebledsje deroan.


Troch dit popke kaam it dan wer dat der ek in Frysk earlybirdje út myn haakpinne. 

No woe ik sels ek sa 'n popke oan myn tas ha. Mar myn eigen is hiel oars! De strepen "hingje" nei de oare side en de pompebledsjes lykje lang sa moai net.....



Ik moat noch mar ris op 'e nij besykje, mar earst fyn ik dit foar my sels wol goed genôch! It popke is in fariaasje op it patroan "mini-geluk" dat ik makke ha. 
En hjoed en nije wike noch ris besykje om te "hingjen" by it pronkriden! It seizoen is hast ôfrûn! Sjoch hjir foar de Pronkriders op facebook!

Groetnis fan It Nifelwyfke

1 opmerking:

  1. Akkelien wat hasto dat prachtig makke.
    Ik ha it op dit stuit hiel drok mei oare dingen,
    mat wat soe ik graach ien wolle besykjen te meitsjen.
    GEWELDICH!

    BeantwoordenVerwijderen