{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

maandag 10 februari 2014

Fûgeltsjes

Fûgeltsjes


Hjoed skriuw ik wat oer de aksje "Earlybirdje",  dat soe yn it Frysk "betiid fûgeltsje" wêze kinne.
Ik fyn it in moaie aksje. It is in groep fotograven dy't foto's meitsje fan lytse berntsjes dy't fierstente betiid berne binne en in tiid yn in kûveuze bliuwe moatte. No wurde der ek noch "earlybirdjes" haakt en de fotograven nimme sa'n fûgeltsje mei foar dat lytse berntsje. It skynt dat sokken berntsjes graach de sturt fan sa'n fûgeltsje fêsthâlde. Dat docht tinken oan 'e nâlestring en se bliuwe dan fan de trieden fan 'e kûveuze ôf. 
Moai, fyn ik! 


Ik ha al in pear fûgeltsjes makke:

Dizze fûgeltsjes steane ek op myn oare blog.

Dizze twa fûgeltsjes binne yn de winkel fan Katrein Kunst, yn Snits. Dêr is in ynsammelplak foar de "Earlybirdjes".

En no meitsje ik in Fryske fariant! 



Mei twa kleuren tagelyk. It snafeltsje  haw ik no earst haakt en dêr haak ik direkt oan fêst:



Ik doch it sa dat de banen in bytsje skeef rinne, krekt as by de Fryske flagge:



De sturt is ek blau en wyt:



Lytse pompeblledsjes: no liket it al wat!



De Earlybirdjes krije wjukjes dy't op hertjes lykje. Dit fûgeltsje krijt fansels pompebledsjes! Mar dat lit ik in oare kear sjen. Dat is moai de twadde foar myn útdaging yn it pompeblêdprojekt! Eins de tredde, want sitte hjir no net leuke pompebledsjes op dit fûgeltsje? Mei twa lytse keatlingstekjes tsjinelkoar. 

Mear lêze oer de Earlybirdjes? Sjoch hjir. En de haakgroep sit op facebook, dat is hjir te finen.

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

2 opmerkingen:

  1. Ik fyn dyn fûgeltsjes altyd al sa fleurich benammen ek foar it doel wêr hja foar binne is sa aardich
    Mar dizze is wol hiel bysunder mei pompebleden.
    Hiel aardich betocht en ek noch knap makke.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik ben geen Fries, maar ik vind jouw birdie geweldig!

    BeantwoordenVerwijderen