zondag 1 december 2013

Mei 'k wol oer

Mei 'k wol oer


Op syk nei oare Fryske blochs fûn ik koart lyn Praat mar Frysk. Ik seach der allegear moaie Fryske ynspiraasje en aardichheden. Sa koest der in tútsje fan Doutzen bestelle en leuke stikkers. Ik ha in bestelling dien en krige al in leuke réaksje. 
Fan 'e wike gie de doarbel en dêr stie de postboade mei in grutte slúf. "Wennet hjir it Breimeisje?" frege se. Want de adressearing wie net kompleet, de strjitte en it hûsnûmer stiene der net op. En dochs kaam it goed! Respekt foar dizze mefrou de postboade! In typisk fal fan "Mei'k wol oer!"




Groetnis fan It Nifelwyfke!

1 opmerking:

  1. Kin net oars sizze as "mei'k wol oer".
    Gean sa mar moai troch.
    groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen