zondag 2 juni 2013

Krudkoeke

Krûdkoeke

Dizze moanne gjin patroantsje fan it Nifelwyfke. Dizze kear in resept, fan krûdkoeke fan myn Beppe, in famyljeresept.
Ik ha efkes sjoen yn it wurdboek en dêr stiet "krûd", wylst wy it thús as krúd sizze, mar ik besykje fansels sa geef mooglik Frysk te skriuwen. Sadwaande:

"Krûdkoeke fan Beppe"

Nedich:
- 500 gram selsrizend bakmoal
- 500 gram brúne basterdsûker
- 0,375 liter wetter
- wat koekekrûden
(Ús Beppe die der ek faak wat bakpoeier yn, mar dat doch ik sels noait)

Dit kin allegearre yn in kom of skaal en dan moat it mei help fan in mikser goed troch inoar mikst wurde. 
Dan kin it yn in bakfoarm, mar die moatte je earst wol goed ynfetsje en dan nog mei panearmoal besruie. Oars komt de koeke letter net goed út de foarm.
De ûne moat op sa'n 170 á 180 graden en dan kin de koeke yn'e ûne. Nei in oere mei in stokje of in breipriem (dochs noch wat fan it nifelwyfke!) besykje of de koeke gear is. By my is it faaks nei in oere en tsien minuten safier.



Ik ha letter heard dat Beppe der ek noch wol ris in aai troch kloppe, om de koeke wat lichter te meitsjen. Je kinne der ek rezinen of núten of sa troch dwaan en ik ha ek al fan immen heard die der sûkelade troch die! Mar eins fine wy dizze koeke sa, sûnder al die ekstra's, it lekkerst! Doch mar gewoan!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

3 opmerkingen:

  1. Wat fyn ik dizze blog prachtich. Yn it Frysk. Kin om mei wol faker. De koeke ha ik alris makke. Lekker, mar ik wol him alris meitsje mei ek noch in aai dertroch.
    De winkel yn Snits moat ik mar ris om sykje.

    Sjoch ut nei de oare kear.
    Freonlike groet fan
    Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Dat docht my fansels goed: sa'n aardiche reaksje! Mar ik hâld it earst op ien Fryske "blog" yn 'e moanne. Ik bin al in soad tiid kwyt oan myn oare blog debreimeisjes.blogspot.nl.

      Verwijderen
  2. Dat sil ik ek ris besykje om die krûdkoeke te meitsjen!!
    Leuk om ek ris in frysk blog te besykjen.

    Groetsjes Klaske

    BeantwoordenVerwijderen