{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zondag 27 januari 2013

begjin


Begjin


Sûnt novimber skriuw ik in blog, yn't Nederlânsk. En al in tiid liket it my sa aardich om yn 't Frysk te skriuwen. Dat is úteinlik myn memmetaal! Ik praat Frysk, ik tink Frysk en bytiden dream ik yn 't Frysk, mar Frysk skriuwe, dat doch ik hast net. Hjoed wol ik in begjin meitsje mei in nije blog, yn 't Frysk. 

Ik hie al lang in moaie namme betocht. Mei in freondinne bin ik graach oan't haken en breidzjen en wij hawwe in webside: www.debreimeisjes.nl. Die namme hat myn man betocht. It klinkt wol goed fansels, mar letter betocht ik dat ik nifelwyfkes folle moaier fûn. Doe wie de webside al aktyf.... Sadwaande ha ik al in blog: debreimeisjes.blogspot.nl.
Mei dizze nije blog gryp ik myn kâns en wurdt it dochs Nifelwyfke! 
Myn doel is om ek op dizze blog kreatyf wurk sjen te litten en ik wol besykje om ek patroanen te dielen. Yn't Frysk, ja!

It earste idee is hiel Frysk: in pompeblêdsje!


(De ynspiraasje komt hjir wei: "blij met draadjes")

It pompeblêdsje is haakt. Ik ha dat dien mei read katoenen jern en in haakpin nr. 3. 

Begjin mei trije lossen. (Soargje datst in begjintriedsje hast fan sa'n 5 sintimeter. Dêr kinst letter in luske mei knoopje.)
Dan haakst yn'e earste losse: 3 dûbele stokjes, 7 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen, slút ôf mei in heale fêste. Helje de tried troch de lus en knip ôf, wer op sa'n 5 sintimeter. 
Ik ha der in platte knoop mei makke, tsjin it blêdsje oan en oan't ein fan 'e triedsjes noch in knoop. 
Sa kinne se moai oan in bonbon hingje! Of oan wat dan ek! 


Is it yn 't Frysk dochs net te begripen? Dit patroan is ek te finen op de webside, hjir. En dan yn 't Nederlânsk. Want ik bin ek "Breimeisje"!

Sa! Dat is dan myn earste blog yn 't Frysk! Ik sil besykje om yn eltse moanne teminsten ien blog te skriuwen as "nifelwyfke"! 

Groetnis fan it Nifelwyfke!