{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

zondag 1 december 2013

Mei 'k wol oer

Mei 'k wol oer


Op syk nei oare Fryske blochs fûn ik koart lyn Praat mar Frysk. Ik seach der allegear moaie Fryske ynspiraasje en aardichheden. Sa koest der in tútsje fan Doutzen bestelle en leuke stikkers. Ik ha in bestelling dien en krige al in leuke réaksje. 
Fan 'e wike gie de doarbel en dêr stie de postboade mei in grutte slúf. "Wennet hjir it Breimeisje?" frege se. Want de adressearing wie net kompleet, de strjitte en it hûsnûmer stiene der net op. En dochs kaam it goed! Respekt foar dizze mefrou de postboade! In typisk fal fan "Mei'k wol oer!"




Groetnis fan It Nifelwyfke!

zondag 24 november 2013

Pyt syn patroan

Pyt syn patroan


Yn myn foarige bloch liet ik de troch my haakte Pyt sjen en ik liet witte dat ik it patroan útwurkje soe. Dat haw ik al klear! It is te finen op de webside fan De Breimeisjes. Net yn 't Frysk, mar hjir is wol de link!


Groetnis fan It Nifelwyfke!

dinsdag 12 november 2013

Pyt

Pyt


Sa 't ik al earder skreau: ik wie der wat ôf (sjoch hjir). No is it hast safier en neffens mij komt er wol: Sinteklaas, met syn goede helpers: de Pyten! En ik bin oan 'e haak gien! Ik ha socht op Pinterest en dêr seach ik wat, hjir is in link net myn ynspiraasje. It tafal wol dat dit ek in blog is fan in frou dy't yn Fryslân wennet! En dit is wat ik der fan makke ha:


Ik bin dwaande mei it útwurkjen fan it patroan. 

Groetnis fan it Nifelwyfke!

vrijdag 1 november 2013

Novimber

Novimber

No't ik dit skriuw, is it noch altiten moai waar.

It plan wie dat ik no in patroantsje betocht hie fan Sinteklaas en Swarte Pyt, mar ik moat sizze dat ik der wat ôf bin, mei al dat gedoch. Dat de VN der ek al wat oer te sizzen hawwe wol. It moat net gekker wurde!

It liket der no noch net op dat Sinteklaas troch de hege wite snie moat, mar dat kin samar feroarje.

Dizze popkes haw ik ferline jier haakt:

Sinteklaas

Swarte Pyt
Amerigo


Ik hoopje mar dat Sinteklaas net allinne komt dit jier. In soad fan dy fleuriche Pyten graach, oars is it gjin echt Sinteklaasfeest! 
Ik tink dat ik dochs noch mar efkes dwaande moat om wat Pytsjes te haken! Dan komt der noch in ekstra edysje fan it Nifelwyfke yn dizze moanne!

Groetnis fan it Nifelwyfke!

dinsdag 1 oktober 2013

Hjerst

Hjerst


Wat ha we in moaie simmer hân! En no is it hjerst. Yn 'e húskeamer fan Katrein Kunst binne we der al mei dwaande west, spinnen en bledsjes en soksawathinne. It wie wer tige gesellich by de workshop.

Op myn oare bog, fan De Breimeisjes wie it al te sjen, wat we dêr makke ha. En myn patroantsje fan de spin stie der ek al yn (it is hjir te finen). Dan doch ik hjir it spinreach! 

Begjin mei 6 lossen en meitsje der in rûntsje fan mei 1 heale fêste.
Fierder hake as yn in spiraal. 
Earst 6 lossen, dan ôfwikseljend  *1 dûbeld stokje, 2 lossen*, ûngefear 10 of 11 kear.
Dan giest nei de folgjende rûnte. Gean no oer op 4 lossen tusken de dûbele stokjes en set dy stokjes op 'e stokjes fan de rûnte dy't al klear is. 
Sa troch, eltse nije rûnte in pear lossen derby, sadat it plat bliuwt.

Ik tink datst op dizze wize ek wol in net foar de boadskippen meitsje kinst!


En dan kin der fanself noch wol in spin ynhingje:



Ik ha dizze reach foar it raam hingjen. Ik hoopje no dat it echte spinnen ôfskrikt!




Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

zaterdag 21 september 2013

Pronkride

Pronkride


Yn oktober begjint it riders-seizoen wer! Yn myn gefal: it Pronkridersseizoen! Witte jimme wol wat dat is, pronkride? Ik sil der wat fan sjen litte:



Wy ha it wol gauris mei inoar "oan 'e stok", sa as jimme sjen kinne! Mar it kin ek sûnder. Wy fan de Pronkriders ride op sneon fan 10.15 oant 11.45 oere op it iis fan Thialf yn It Hearrefean en de earste kear is op 12 oktober. 
Wa 't nocht hat, kin wol ris komme. In proefles is fergees!
Sjoch ek op facebook!

En mear ynformaasje oer dizze sport is te finen op dizze website: schoonrijden.nu!


Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

zondag 1 september 2013

Fryske freubel froulju


Fryske freubel froulju


De heechste tiid foar in nije Fryske blog! It is al wer septimber.

Op myn oare blog, debreimeisjes, hie ik in "give-away", in wei-jouwer, is dat in aardiche Fryske oersetting? Ien fan 'e reaksjes wie fan Elise. Elise hat ek in blog, Gewoon Elise, en se is dwaande mei it organisearjes fan in moetingsdei foar blog-froulju en -manlju. Moai plan, fansels! En by reaksjes seach ik dat der ek in blog is fan Fryske freubel froulju! En dat is: fryskefreubelfroulje.blogspot.nl.
Krekt wat foar it Nifelwyfke!

De fakansjetiid is nog foarby. Bern nei skoalle, de minsken wer oant 't wurk. Ek wol wer goed fansels, al wie it wol hearlik, dat de klok net sa wichtich wie yn 'e ôfrûne wiken. 
Ik ha al drok dwaande west foar de earste workshop fan dit seizoen. 

No bin ik oan it sjen of 't ik noch wat hannel ha foar de ferkeap tidens it 2015festival, op 7 septimber yn Drylts. "De Breimeisjes" sille ek helpe, in part fan 'e middei helpe we mei bij de ferkeap fan selsmakke guod.
Hartsjes

Blomkes

No mar hoopje dat der in protte minsken komme yn Drylts, op 7 septimber! De tagong is fergees, en der is fan alles te keap, te sjen en te dwaan!

En dan noch wat:  it is safier! It is my slagge om de "gadget" folgers op myn blog te krijen! Oan't no ta bin ik self de iennichste folger, mar wa wit? Miskien folgje der guon!

No bin ik oan 't prakkesearjen: wat is in goed en geef Frysk wurd foar "gadget"?

Wat grappich! Ik hie dit ferhaal al makke op 28 augustus, it is op dit stuit 31 augustus en it is noch net publisearre en no is der al in folger bij! Tige wolkom! 
Groetnis fan it Nifelwyfke!

donderdag 1 augustus 2013

Rommelmerk

Rommelmerk 


It wie rommelmerk en dêr mei ik graach hinne. Ik bin net sa'n besiker dy't moarns al in heal oere foar de doarren iepen gean klear stiet. Ik bin der faaks wat letter. It moaiste is dan fêst al fuort, mar dizze kear ha ik wier moai guod fûn! 

In weeftou!

Twa doazen mei letterstimpels!

Moaie boeken!

In glêzen stolp!

In prachtich ingeltsje!


Foar dit alles ha ik mar in pear euro betelle. Ik bin der hiel wiis mei! Ik moat noch ris útsykje hoe 't ik it weeftou opspanne moat, yn'e boeken kin ik wer hiel wat fine om te nifeljen en ik ha al oan't stimpeljen west.

Myn man wie minder wiis mei myn oankeapen. Ik wie dy wike krekt sa goed oan't opromjen en hie aardich wat guod fuort dien.... En wat moatte we no mei sa'n stolp?
No, sjoch:



Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

maandag 1 juli 2013

Weijaan

Weijaan


Yn bloglân ha se it wol ris oer in "give away", en dan giet it oer in kadootsje, in aardichheidsje. Ik ha noch in blog, yn 't Nederlânsk en dêr sil ik ek wat weijaan. Ik doch dat om 't ik al oer de fyftich folchers ha en al 150 blogs skreaun ha! Yn dizze Fryske blog giet dat net sa hurd. Ik skriuw ommers mar ien Fryske blog yn 'e moanne..... 

No meitsje ik dizze kear reklame foar de "jou wei" fan De Breimeisjes! Der binne twa pakketten, twa kânsen! Yn 't iene sit in boekje en yn 't oare komt in hoes foar in fytssadel, dat ha ik sels makke. 





Mear ynformaasje is hjir te lêzen. Doch ek mei en lit dêr in réaksje efter! Dan sil ik ris "stinne" oer in Fryske "wei-jouwer".

Ik winskje elstenien in moaie simmer ta! 

Groetnis fan It Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

zondag 2 juni 2013

Krudkoeke

Krûdkoeke

Dizze moanne gjin patroantsje fan it Nifelwyfke. Dizze kear in resept, fan krûdkoeke fan myn Beppe, in famyljeresept.
Ik ha efkes sjoen yn it wurdboek en dêr stiet "krûd", wylst wy it thús as krúd sizze, mar ik besykje fansels sa geef mooglik Frysk te skriuwen. Sadwaande:

"Krûdkoeke fan Beppe"

Nedich:
- 500 gram selsrizend bakmoal
- 500 gram brúne basterdsûker
- 0,375 liter wetter
- wat koekekrûden
(Ús Beppe die der ek faak wat bakpoeier yn, mar dat doch ik sels noait)

Dit kin allegearre yn in kom of skaal en dan moat it mei help fan in mikser goed troch inoar mikst wurde. 
Dan kin it yn in bakfoarm, mar die moatte je earst wol goed ynfetsje en dan nog mei panearmoal besruie. Oars komt de koeke letter net goed út de foarm.
De ûne moat op sa'n 170 á 180 graden en dan kin de koeke yn'e ûne. Nei in oere mei in stokje of in breipriem (dochs noch wat fan it nifelwyfke!) besykje of de koeke gear is. By my is it faaks nei in oere en tsien minuten safier.



Ik ha letter heard dat Beppe der ek noch wol ris in aai troch kloppe, om de koeke wat lichter te meitsjen. Je kinne der ek rezinen of núten of sa troch dwaan en ik ha ek al fan immen heard die der sûkelade troch die! Mar eins fine wy dizze koeke sa, sûnder al die ekstra's, it lekkerst! Doch mar gewoan!

Groetnis fan It Nifelwyfke!

maandag 6 mei 2013

Mem de leafste

Mem de leafste


Yn maaie is it memmedei. Tsjintwurdich is dat tige kommersjeel. Yn'e folders steane al tiden allegear ideetsjes fan rûkersguod oant djoere apparaten. Dat fyn ik sels net sa nedich. Ik jow faaks wol wat, in blomke of in doaske bonbons. 

Ik fyn "madeliefjes" sa leuk, sa'n moaie namme: ma-de-liefjes voor ma de liefste! Yn it Frysk is de namme "koweblomke". Tsja...... it blomke is moai, mar yn dit gefal jow ik de foarkar oan de Hollânske namme! Kinne we dat net oersette nei "leave-memkes"?

Ik fûn in hiel aardich patroantsje fan dizze blomkes, hjir. En makke in slinger:


En noch ien, mei de pompeblêdsjes (earder op myn blog) derby en ek noch wat klaver fjouwer (in fariaasje op dit patroantsje):


De blomkes kinne oan in moai triedsje of lintsje knope wurde. Ek leuk is om mei grien de blomkes oan in ketting te haken. Gewoan lossen hake en dan mei in fêste it blomke fêst hake, sa'n trije lossen en dan noch ien fêste oan itselde blomke, dan bliuwt it goed hingjen en draait it net sa.


Dit "nifelwyfke" is ek "breimeisje" en ik doch mei in freondinne workshops by Katrein Kunst yn Snits. Yn maaie ha we dizze patroantsjes brûkt. We besykje eltse kear wat tapasliks (nuver wurd!) te dwaan! Mear ynformaasje en opjaan kin by Katrein Kunst!

Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)


donderdag 11 april 2013

Read, wyt, blau, oranje

Read, wyt, blau, oranje

Dizze moanne bin ik drok mei read, wyt, blau en oranje. Op 30 april krije we in kening en wurdt keninginne Beatrix wer prinsesse. Ik ha de nije kening en keninginne haakt en se hingje by my foar 't raam. 

Se hinjge ek yn'e etalaazje by it winkeltsje Katrein Kunst yn Snits:


En der hinget ek in koarte slinger mei flaggen. 


It is haakt op de wize fan "granny-style". Soene we dat yn 't Frysk beppe-wize neamme? Ik tink net dat myn beppe op dizze manier haakt hat!

Hjir is it patroan fan de flaggen:

Ofkoartings:
l. = losse
hf. = heale fêste
st. = stokje

Kleur 1
toer 1: begjin mei 6 l. en slút de ring mei in hf.
toer 2: 3 l., 2 st. (dit is it earste groepke), *3 l., 3 st.*, fan * oant * nochris herhelje, dan noch 3 l. en mei in hf. yn it earste groepke de toer slute. Dan mei hf. troch oant je by it lossenboochje binne. Dan fierder mei
kleur 2
toer 3: yn it earste lossenboochje 3 l., 2 st., 3 l. 3 st., *3 l, yn 't folgjende lossenboochje 3 st., 3 l., 3 st., 3 l.*, fan * oant * herhelje en dernei de toer ôfslute mei in hf. en mei hf. troch haken oant it folgjende lossenboochje. Dan fierder mei
kleur 3
toer 4: yn it earste lossenboochje 3l., 2 st., 3 l., 3 st., 3 l.(dit is in hoeke), *yn 't folgjende (tusken)boochje 3 st., 3 l., yn 't folgjende (hoek)boochje 3 st., 3 l., 3 st., 3 l.*, sa noch in kear en wer mei in hf yn 't earste groepke ôfslute. 

Sa kinst fansels troch gean, eltse toer derby betsjut dat der ien tuskengroepke bykomt. In flagge yn ien kleur is ek moai. In hiele rige mei allegearre ferskillende flaggen: wat in feest!

De flaggen kinne oan in lint. Ik ha sels in rige haakt fan lossen en de flaggen fêst haakt mei fêsten. Hjir binne mear slingers te sjen dy 't troch my en myn freondinne makke binne.
Mear ynspiraasje yn read, wyt, blau en oranje is dizze moanne ek te finen op myn oare blog: debreimeisjes.blogspot.nl.

e!


Groetnis fan it Nifelwyfke!


zaterdag 23 maart 2013

aaikes

Aaikes


Dit jier falt Peaske betiid. En it is noch freeslik kâld! It is dan wol maitiid, it liket noch winter.  

Yn'e ôfrûne wike hienen we in workshop yn 'e húskeamer fan Katrein Kunst. We wienen doe al drok mei it haken fan aaikes. Ik hie in aardich patroantjse fûn op de blog fan blij-dat-ik-brei. Ik ha oan it ein noch in luske haakt, mei san tritich lossen. Dan kinst it aaike maklik ophingje!

Ik  ha ek noch lysere aaikes betocht. Se binne sa lyts dat it wol sûnder opfoljen kin.


Bij dit aaike hake je gewoan troch, as yn in spiraal.
Ofkoartings:
l. = losse
f. = fêste
hf. = heale fêste

Begjin mei 2 l.
Toer 1: yn 'e earste l. 6 f.
Toer 2: yn 'e earste f. 1 f., yn de folgjende f. 2f. Dit moat 3 kear. Dan binne it 9 f.
Hjirnei hake je 2 of 3 toeren yn alle f. 1 f. 
Dernei minderje, dat is twa f. tegearre hake. Oant it aaike ticht is. Ofslúte mei in hf. Fan de begjin- en eintried kinst in luske knope. Sa ienfâldich is it! 

En mei wat fan sokke aaikes helje we dochs wat maitiid yn hûs!

Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl)

donderdag 14 februari 2013

Falentynsdei

Falentynsdei

Myn blog fan febrewaarje kin moai oer de Falentynsdei gean! Ik wit net oft dit wol geef Frysk is, mar ik seach it op de webside fan'e Afûk. Nochteren Friezen hawwe der miskien net safolle mei en dochs fyn ik it wol aardich om de boel wat oan te klaaien mei wat hartsjes.


Op it wrâldwide web kinne je ferskate patroanen fine fan hartsjes. Ik neam hjir "blij-met-draadjes" (bij de "haakpatronen" stean wol acht patroantsjes fan hartsjes!) en it hartsje fan "karin-aan-de-haak" (op har blog stean allegear fariaasjes fan dat hartsje).
Ik ha sels ek in hartsje betocht.

Ofkoartings:
l. = losse
kl. = kearlosse
f. = fêste
hf. = heale fêste
st. = stokje

Begjin met 2 losse
Toer 1: yn'e 1e l. 2 f.

Toer 2: 1 kl., yn beide f. 2 f. (4 f.)
Toer 3: 1 kl., *1 f., yn folgjende f. 2 f. 1 f.*  herhaal van * tot * (6 f.)
Toer 4: 1 kl., *1 f., in folgjende f. 2 f., 4 x 1 f., in folgjende f. 2 f., 1 v. ( 8 f.)
Toer 5: 4 st. tusken 2e en 3e f, hake, 1hf. tusken 4e en 5e f. hake, 4 st. tussen 6e en 7e f. hake, ôfslute mei in hf. oan it einde fan'e toer.
Rûnom fêsten hake,   yn t 'ûnderste puntsje 3 f. en boppenop elts boochje 2 f. yn 1 stek. Tusken de twa boochjes haakst noch 30 losse. Mei dit luske kinst it hartsje ophingje.
As it hartsje rûn haakt is, ôfhecthsje.



Dit patroantsje stiet hjoed ek op myn oare blog, yn't Nederlânsk: debreimeisjes.blogspot.nl.

Groetnis fan it Nifelwyfke!
(www.debreimeisjes.nl )

zondag 27 januari 2013

begjin


Begjin


Sûnt novimber skriuw ik in blog, yn't Nederlânsk. En al in tiid liket it my sa aardich om yn 't Frysk te skriuwen. Dat is úteinlik myn memmetaal! Ik praat Frysk, ik tink Frysk en bytiden dream ik yn 't Frysk, mar Frysk skriuwe, dat doch ik hast net. Hjoed wol ik in begjin meitsje mei in nije blog, yn 't Frysk. 

Ik hie al lang in moaie namme betocht. Mei in freondinne bin ik graach oan't haken en breidzjen en wij hawwe in webside: www.debreimeisjes.nl. Die namme hat myn man betocht. It klinkt wol goed fansels, mar letter betocht ik dat ik nifelwyfkes folle moaier fûn. Doe wie de webside al aktyf.... Sadwaande ha ik al in blog: debreimeisjes.blogspot.nl.
Mei dizze nije blog gryp ik myn kâns en wurdt it dochs Nifelwyfke! 
Myn doel is om ek op dizze blog kreatyf wurk sjen te litten en ik wol besykje om ek patroanen te dielen. Yn't Frysk, ja!

It earste idee is hiel Frysk: in pompeblêdsje!


(De ynspiraasje komt hjir wei: "blij met draadjes")

It pompeblêdsje is haakt. Ik ha dat dien mei read katoenen jern en in haakpin nr. 3. 

Begjin mei trije lossen. (Soargje datst in begjintriedsje hast fan sa'n 5 sintimeter. Dêr kinst letter in luske mei knoopje.)
Dan haakst yn'e earste losse: 3 dûbele stokjes, 7 stokjes, 3 dûbele stokjes, 2 lossen, slút ôf mei in heale fêste. Helje de tried troch de lus en knip ôf, wer op sa'n 5 sintimeter. 
Ik ha der in platte knoop mei makke, tsjin it blêdsje oan en oan't ein fan 'e triedsjes noch in knoop. 
Sa kinne se moai oan in bonbon hingje! Of oan wat dan ek! 


Is it yn 't Frysk dochs net te begripen? Dit patroan is ek te finen op de webside, hjir. En dan yn 't Nederlânsk. Want ik bin ek "Breimeisje"!

Sa! Dat is dan myn earste blog yn 't Frysk! Ik sil besykje om yn eltse moanne teminsten ien blog te skriuwen as "nifelwyfke"! 

Groetnis fan it Nifelwyfke!